Sumarreheide hat in buertferiening mei de namme “de Heidebuorren” dy’t oprjochte is op 24 oktober 1983.
De buertferiening bestiet út leden dy’t sosjaal belang hawwe by de Heide en wenje (of wenne hawwe) binnen it gebiet dat begrinze wurd troch de Joute van der Meerwei, de Heidereed, de Polderdyk en de Boskwei. It doel fan de feriening is it befoarderjen fan de sosjale kontakten om in sa hecht mooglike mienskip te foarmjen. Dit wurdt dien, troch it organisearjen fan feestjûnen, spultsjes en oare aktiviteiten, sa, dat jong en âld har gerak krije. Hichtepunt fan dizze aktiviteiten is it twa jierrich buert feest, mei moarns kofjedrinken in de tinte en spultsjes foar de lytse bern, middeis
spultsjes /seiskamp foar eltsenien en jûns in revu oer de heide, skreaun en útfierd troch leden fan de buertferiening
mei nei ôfrin dûnsje op livemuzyk. Oan e Joute van der Meerwei tusken de N356 en de Hearewei leit noch in moai heidefjiltsje. De natuer om Sumarreheide hinne is bjusterbaarlik moai om troch te kuierjen of te fytsen, jo hawwe kans, dat jo ûnderweis ferskate soarten wyld, wêrûnder reeën, te sjen krije. Om ek âld bewenners en oare belangstellenden op e hichte te hâlden fan wat der op ‘e Heide bart, is yn 2008 dizze website in it libben roppen.