Skiednis

(bron “Nederlandse Volksverhalenbank”)

Jehannes van der Zee wenne op ‘e Sumarreheide. Hy wie arbeider by Sjoerd Jelkes Algra. Jehannes wie in beul fan in keardel. Hy mishandele it fé. Hy skopte en trape de dieren. Hy wie ôfgryslike wreed. Hy wie rûch en rou en bot. Hy flokte as in ketter.
Elke moarn om fjouwer ûre wied er by de boer. Dan kloppe er altyd by de boer op ‘e doar.
Op in moarn sei de boer: “Hwat soe der mei Jehannes wêze? Hy kloppet net.”
Doe hearde hy, dat Jehannes om help rôp. ’t Wie in hiel bang lûd. Doe’t er seach, hie der hyltyd in great, swart ding om Jehannes hinne roan.
Dêr hie Jehannes sa bang foar west, dat hy hie de boer roppen, dy’t by him yn ‘e skuorre kaem.
Doe hie de boer him yn ‘e skuorre litten. Hy gong yn ‘e hûs om ‘e klean oan to dwaen.
Wylst de boer him oanklaeide, tocht er: “Hwat der nou gebeurt yn ‘e skuorre, wyt ik net.” Hy der wer hinne en doe wie Jehannes oan it dak ta smiten woarn, kear op kear en syn klompen wienen yn barrels. ’t Wie de duvel dy’t him omseame.
Hy koe net mear werke. Wikenlang is er thúsbleaun.
Nei dy tiid wie er bikeard. Hy is grifformeard woarn. Hy roan letter altyd mei in stok. Dat hied er oan ‘e duvel to tankjen.

Myn pake en beppe dat wienen Melle en Poai (= Froukje). Sy hienen in soan, dat wie Jelle-om. Jelle-om rekke bitsjoend. Sy wennen op ‘e Sumarreheide, dat sy gongen nei Piter Poes ta. Dat wie dêr de duvelbander. “God jonge,” sei Piter Poes, “dit liket net bêst.” Dat sei er tsjin pake. “Ik sil dy in drank jaen, mar der komt dy aenst in grouwe swarte houn tomjitte en dy hat it op it drankje bigrepen.”
Pake soarge der foar dat er in goeije stok krige.
En ja, dêr wie de houn al, doe’t er in stik hinne wie. Pake ûnderhelle de stok – hwant de houn sprong by him op en hie ’t op ’t drankje bigrepen – en rekke him net sunich. Hy wie kreupel. Mar it drankje bleau bihâlden.
De oare deis wie der in âld frommes kreupel. It hiet dat se fan ‘e trap fallen wie, mar pake en dy wisten wol better. Jelleom is wer better woarn.


 

Wytske, mem har muoike wie in tsjoenster. Sy wenne yn Sumarreheide. It gebeurde dat beppe in poppe krige en dêr kaem fansels allerhande folk by om de pop to sjen. Dêr seagen se Wytskemoai ek oankommen. “O, heden,” seinen se, “dit is net bêst. Dy mat net by de poppe, hwant dan wurdt se bitsjoend.”
Doe stjûrde beppe ús mem der gau út om mei de klomp in krús foar de doar to meitsjen.
Doe’t Wytskemoai oan ‘e doar ta wie, sei ús mem: “Kom der mar yn.” Wytskemoai hie in read doekje om ‘e hals hinne.
Mar sy sei: “Ik kin nou net, ik kin nou net.”
(Sy koe net oer ’t krús hinne komme.) “Mar jow my twa greate spjelden, dêr’t ik mei stekke kin.”
“Dy krijst net,” sei mem, “en donderje nou ek mar op.”
En doe wie Wytskemoai fuortflein, krekt as wie ’t in fûgel.


 

Op ‘e Sumarreheide wennen minsken, dy hienen it o sa krap. Hja hienen gjin jild om iten foar de bern to keapjen. Op in joun by ’t winter wie it minske der allinne op út. It skriemen stie har neijer as ’t laitsjen. De stjerren stienen oan ‘e loft. Doe kaem dêr in stim fan boven, dy sei: “Hier heb jij een pong met geld.” En doe lei der samar in ponge mei jild foar har.
Hja frege: “Komt it fan ‘e kweade of fan it opperwezen?”
“Krij ’t mar op, ’t komt fan God,” waerd der sein.
Doe koe ’t minske iten keapje.


 

Us heit wenne op ‘e Sumarreheide. Op in nacht hearde hy hiel dúdlik timmerjen, kroadzjen, mei stiennen smiten, balken forsjouwen en alsahwathinne. Hy tocht: Hwat hat dat to bitsjutten yn ‘e nacht? Dat hy gong der ôf om to sjen. Mar der wie neat to sjen en ek neat mear to hearren.
It oare jiers woardde der op dat plak in nij hûs delset.


Een klein jongetje is betoverd. Soms is hij zo slap, dat je hem op kan rollen; op andere momenten is hij weer zo stijf als een stok. Zijn vader gaat naar Piter Poes, de duivelbanner. Piter geeft de man een drankje mee maar waarschuwt hem goed op het drankje te passen. Onderweg zal een dikke hond hem tegemoet komen, die het op het drankje voorzien heeft. Als het dier het drankje te pakken krijgt en het flesje valt aan stukken, zal het kind sterven, aldus Piter. Vader gaat – gewapend met stok – op weg en stuit inderdaad op het dier. Vader slaat de hond zo hard, dat die op zijn achterste gaat zitten. De volgende dag ligt de buurvrouw met een doek om haar hoofd in bed. Zij was de heks in hondengedaante.


As Beint Dekker boadskippen dwaen moest gong ik wol faek mei him mei. Ik wie doe noch in fanke. Wy roannen oer de Sumarreheide. Dêr gong Beint by Abrahams Tryn oan, dy hie in winkeltsje. It wie by Beint en dy greate earmoede en hy frege Tryn of dy him noch wol in kear boargje woe. Dan soed er de saterdeis wol sjen as er hwat bitelje koe. Hy soe dan aenst op ‘e weromreis de boadskippen oanhelje.
Doe roannen wy fierder nei Nyegea ta.
Doe’t wy weromkommen wie ’t al in ûre of acht, njoggen. ’t Wie yn ‘e tiid dat de Nyegeasterheide oanmakke is.
Beint helle de boadskippen oan by Abraham van der Leest en doe roannen wy fierder. Doe sei Beint: “Sjoch, dêr is noch ien! Hwa mei dat noch wêze!” Doe seagen wy dat it sweefde. It sweefde by de bosk lâns in stikje lân del. Beint wie bang.
Doe’t ik thús kom sei ‘k tsjin mem: “Wy ha hwat sjoen. It wie krekt as stapte der hwat út in boatsje nei de kant ta”, sei ‘k. “Dat bigong to sweven. ’t Wie krekt in greate houn, dêr ’t hwat boven op siet.” Mem sei: “It hat hjir èk west. Ik ha krekt itselde sjoen.” (Wy wennen doe oan ‘e polderdyk ûnder Aldegea – nou Tike)


Ien fan Garyp ried yn ‘e twintiger jierren op in joun de Brandsma’s loane del. Hy hie in tige bêste karbidlantearne op ‘e fyts, dy’t wol fjouwer telefoanpeallen fier ljocht joech. Doe seach er tige dúdlik oan ‘e kant fan ‘e wei in pearke rinnen. Hy stapte fan ‘e fyts om better to sjen. Doe wie der net ien.
Ek fytste dyselde us nei Sumarreheide ta. Hy wie sahwat oan ’t hûs fan Schievink ta, doe wie der samar ynienen in hiel stik fjûr op ‘e wei. Hy sprong fuortdaliks fan ‘e fyts. Krekt seach er even de oare kant út. Doe’t er wer seach wie ’t hiele fjûr fuort.


skiednis1

 


Middelen van bestaan op Sumarreheide

Door Johannes de Vries 

De kost verdienen lag voor boeren en  middenstanders , afgezien van de ,,minne tiiden ” meest tamelijk eenvoudig: zij hadden een vast bedrijf. Vast werk hadden ook de vaste boeren arbeiders en de knechten van de ambachtslieden, maar dit was niet het geval met de losse arbeiders, die moesten aan pakken wat zich voordeed. En aangezien de hoedanigheid van ,, los arbeider” eigen was aan de meeste bewoners van Sumarreheide , moesten die vooral reizen en trekken om iets te verdienen. We weten dat zelfs de bedelarij een zekere bewegelijkheid vergde om aan geld te komen, wat niet in elke gemeente op prijs werd gesteld getuige de procesverbalen die werden opgesteld vanwege bedelarij. De losse arbeiders kwamen in de loop der tijd tot een tamelijk vaste indeling van het jaar de werkzaamheden ,welke de seizoenen toelieten : In het voorjaar kwam het werk bij de boeren los , bemesten van het land en onkruid wieden of ging men werken in de veenderij. In de zomer bleef niemand meer in de veenderij omdat het hooiland riep om geoogst te worden als maaier of als hooier. In de nazomer was het graan oogsten en vlastrekken  In de herfst was het bieten rapen en aardappelen rooien of cichorijgraven ,, in Suameer stond op de daem een cichorijfabriek ” In de winter was er voor de losse arbeiders geen vast werk, en moesten ze met huisvlijt zoals het maken van heideboenders, schrobbers,knypers, biezen matten hierbij geholpen door gezinsleden  en mollevangen,,door de tijd te komen” . Dikwijls gaf dat in de winter te weinig inkomsten, en werd de bedelarij de belangrijkste inkomensbron als men al niet had aan geklopt bij de (gemeentelijke) Armenzorg, die ook niet zo scheutig was met bedeling. Ook waren er heide bewoners die naar Duitsland trokken als melkersknecht, zich uitbesteden als mollevanger op de,,greidhoeke” boven Leeuwarden. Sumarreheide stond niet zo bekend als een ventersdorp zoals Zwaagwesteinde en Kollumerzwaag toch zijn er door de jaren heen nogal wat  heidebewoners geweest die handel hebben gedreven.

 

Hoe it eartiids op Sumarreheide op in ta gong

bron Joh de Vries

Aeltsje wenne  op é Sumarreheide. Hja moast ris in kear nei Burgum ta, om bilesting te beteljen. Hja gyng der to foet oer de houtsjepaeden hinne. Aeltsje hie lykwols fiif en tweintich gûne te min by har en dat siet har aardich dwers. Hja sei by harsels,, Ik woe foar de duvel wol dat ik fiif en tweintich goune faun”. En hoe it sa by de fatale bocht ( dy bocht waard sa neamd omdat der wol faker hjertiids frjemde dingen bard wine ) op é pastorijelânen, der lei midden op it paed yn giel briefke fan fiif en tweintich gûne!!!!!. It koste Aeltsje striid, mar hja preuvele : “Heare, bewarje my dat ik it opkrij”  ??? Yn de fierte waard se in persoan gewear, dy nei har seach…………….. Hja ron hurd fierder en seach net wer efterom. Doe hja werom kaam, it selde paad lâns, wie it briefke fuort .

 

It byleauwen op de Sumarreheide

tekst Johannes de Vries

In jongkeardel kuiere mei syn frou, op jûntiid  wer Doede Veeman  no wennet, oer  Sumarreheide. Doe seagen hja in ljochtsje fan in  eigenaardige reade kleur. Ynienen wie ’t ek  samar wer fuort. .’t Like as seagen hja grutte flammen en reekplommen  boppe  in âld hûske wei  kommen, en doe’t hja tichter by kamen,  wie der hielendal niks bard by ’t hûske. Hja wine sa ferbjusterje, dat hja gau wer nei hûs werom set binne. Wie dit yn foarboade  ????? Finzen jierren letter, brânde  it selde stee ôf !!!!!   doe bewenne troch  Jan Dupon. letter mear Jierrenlang hawwe de bewenners fan Sumarreheide yn ‘e besnijing west fan, it byleauwen, al dan net oanwakkere troch persoanen as u.o Hedzer Hooijenga,Jelle Hooijenga, Jehannes van der Wal, dy’t ek  harren bern  dizze ferhalen meijoegen, en letter optekene binne troch Dam Jaarsma fan Eastermar. Sa ek Grutte Evert ( Syn efternamme is nimmen to witten kaam) in hiele grutte keardel dy wenne flakby in puolle healwei de Pastorijelânen.  As ’t donker waard spoeke hy der op de heide om, en slûpte sa stil as in mûs efter de minsken oan. Dan bûgde hy heel ûnferwachtst de holle oer ien hinne, en seach dyselde-mei de holle op é kop- lyk yn de troanje. Fansels krige sa’n ien de deaskrik yn syn libben. Mar at der fan de skrik tebekrinne soe, stjitte dy persoan tsjin Grutte Evert oan.

 

pieter poes

 

In stikmannich jierren nei dat de Jounepoel ûntstien wie,
ferstoar der yn tige yllúster en geheimsinnich persoan op Sumarreheide,
dy’t begroeven waard yn Sumar .
Sy neamden him yn de omkriten Piter Poes de duvelbanner fan Sumarreheide,
hoewol syn efternamme wol bekend wie,
mar dy’t yn de folksmûle nimmer neamd weard.
De lytse bern die yn de jierren foarôf geand oant syn dea opgroeiden, sjongen:

Piter Poes Piter Poes,
Mei de hannen yn de bús,
Mei ‘t himd op ‘e teanen,
Der komt Piter Poes oanfleanen.

At jo grut brocht waarden mei san ferske, waard syn gong yn ‘t libben noch geheimsinniger,
en  dan  mei syn foarkommen der noch by.
Piter Poes wy berne op 8 jannewaris 1832 yn Weidum mar syn foarâlden kamen wol út Sumar of út ‘e omkriten.
Hy sette him nei wenjen yn é sechtiger jierren as arbeider yn de kost by Melle Paulus Fennema dy ‘t op de (del) Tike wenne,
dernei ferhuzet hy nei Garyp en doe nei de Sumarderdaam
en doe wer Garyp, en om op ’t ein fan syn beslût syn leste jierren te sliten  by Linze Simens Hoekstra.
Der komt hy ek te ferstjerren
De measte wûnderdokters of duvelbanners hienen ‘t yn dy tiid net krap wat de sinteraasje oangong.
Fan Piter Poes koe men dat lykwols net sizze,
de Gemeente hat nochal ris yn kear byspringe moaten om de eintsjes oanelkoar te krijen by Piter.
De léste jierren fan syn libben waard hy ûnderhalden troch de earmfâden .
Arbeider hâlde by Piter yn, hie wy Skieppehoeder op ‘e Sumarreheide,
hy paste op in keppel Drintske heideskiep die eigen winen,
fan ferskeidene Boeren út ‘e omkriten.
Sa kaam der ek yn ‘e kunde mei de boeren .
Sa fertelden hja him ek dat de molke net tsjerne woe, en dat dy betsjoent wie.
Dan sei Piter dat hy der wol ried mei wist.
Hy kaam by de boer op besite yn ‘e molkenkelder,
striek syn finger yn é rjemme en dan slikke hy dy ôf,
en wie de rjemme net mear betsjoent.
At der immen siik wy en dokter koe gjin útkomst biede,
waard  gauris Piter der by roppen .
Dizze oerleveringen binne opskreuan troch Dam Jaarsma,
en de measten foarteld troch de fam. Hooyenga,s die omraak fertelle koene.
It riedseleftige  oangeande syn ferstjerren,
troch dat hy him sels ophong hie oan in beam yn de Sânweibosk (de bosk by de grifformearde tsjerke)
en de minsken jierrenlang yn de besnijing hâlden hie is sûnt koart ûnt ritsele troch
Klaas Henstra yn syn koartlyn útjone boek “Duivelbanners en wonderdokters in de Wouden”.
Wa neiere details witte wol oangeande Piter Poes,
en oare duvelbanners en wûnderdokters,
sa as Knilles Wytzes it boerke en wûnderdokter fan Sumar
en Melle Lys fan é Boskwei ferwiis ik graach nei dit boek.

De Puolle

Dizze puolle weard in é folksmûle ek wol jounepuolle neamt.
Klaas en Marije Roorda wennen der net fier fanôf oan ‘e oare side fan de tjaskerreed

 

Jammer genoch is it mei de puolle net mear goedkaem
De provinsje makke eind trieticher jierren  bekint dat men fan doel wie om ,t grutte autoferkear om te lieden ,
net mear oer de Hearewei( doetiids Grintwei nei Nyegea neamt )
mar oer en nei oan te lizzen wei fanôf de Burgumer brêge skean oer nei Nyegea .
Dit hat noch al wat fuotten yn é ierde hân fanwege de sinteraasje.
Sa wearden der alderhande ideeën oandroegen om dit trajekt goedkeaper to krijen
û.o oanlis troch minsken fan é wurkferskaffing,een minder swiere brége.
Alline it earste oanlis troch arbeiders die,t yn de wurkferskaffing sieten hat fuotten yn é ierde kriigen.
Sa weard yn 1940 begon mei de oanlis fanôf de Burgumer brêge, troch de oarloch stagnearre dit .
De groun die frijkaam by de oanlis fan de wei moast ôffierd wurde.
Sa wearden boeren in é omkriten frege  ôf sie ek plak hienen foar groun.
Sa stelde Bonne Jelkes de puolle beskikber  om ticht to meitsjen foar de oanlis .
Sa is it bart en is depuolle fanôf 1947 ticht makke en greide wurden.
Yn 1963 hat de soan fan Bonne Jelkes ,
Jelke Algra ,t stik lân ferkoft oan Wiebren Johannes de Vries die ,t stik greide noch altyd de puolle neamt.

De poelsleane wurd troch de âlderen op de Heide noch altiid de tjaskerreed neamt.
En at men  dizze leane del kuiert en  men goed om jo hinne sjocht,
kin jo ek noch it plak fine wer de tsjasker stien hat yn breed roun plak goed healwei de Tjaskerreed.

 

De tsjasker

Johannes de Vries

Sa at in doarp eartiids betaamde hie hja doetiids in eigen mûne …… guon meardere.
Sa ek Sumarreheide  ”Net in grutten ien mar tôch ,’t wie der ien.
Yn de measte doarpen joech de mûne in doarp oansjen, en waard meast brûkt foar it mealen fan weet,hjouwers ,rogge en koarn.

Sa net dy op é heide dit wie in wettermúne.
Dy’t brûkt waard foar ûntwettering.

In Tsjasker in soart pealmûne” de wjukken fan de mûne driuwe rjochtstreeks de houten fizel oan  wêrtroch
,t wetter foarpleatst waard troch de holle houten peal  nei in lyts ôfwetteringskanaaltsje.
It wetter ron fan der út, nei de ôfwetteringsfeart.

 

Hy waard in protte brûkt by it útfeanjen troch dat hy noch al maklik foarpleatst wurde koe om,t hy op in bok stie.
De mûne die op Sumarreheide stie waard brûkt troch Binne Jelles Gros,
om krapoan seis bunder lân droech te mealen om by de winter in part ûnder wetter kaam te stean.
De hichte waard yn 1908 oanmakke ta bou, út de leechste hoeke waard turf waan fan béste kwaliteit om dat turf út it heechfean ,
de bettere turf wie, troch dat hy langer baarnde, dan de turf baalders út Earnewâld en omkriten .
De turf waard te droegjen setten yn bulten.

Dit útfeanjen is sa trochgong oant omtrint 1913 hinne, en wie der in puolle ûntstien fan krapoan oardel bunder.
Troch it útfeanjen hine de losse arbeiders ek noch wat wurk winterdeis om hannen,
foaral de bulten omsette om de oare kant droegje te litten.
Mar hoe neier it foarjier kaam, wearden de bulten lytser. want der waard noch al in in turfke wei .
Dus soarge Gros der foar dat him dit de twadde winter net wer oer kaam
en ferkoft hy tuskentiids  al  bulten  healwei de winter as dizze al klear wine.

Dus at de heide bewenners dan turven meinamen dan wine se meastentiids
noch net droech genôch en joech dit in protte reek yn de wenninkjes en net folle waarmte.
Yn 1915 waard de fertuteste puolle mei ,t boulân (de mûne wie al fuorthelle) troch Binne Jelles Gros
ferkoft oan Bonne Jelkes Algra  Dy liet de puolle ek foar wat der wie.

De reade stip jout it plak oan wer de tjasker stien hat op dit kaertsje fân 1916.

Guon ha my út harren bernejierren ferteld dat men der goed swimme ,fiskje en by de winter moai reedride koe.
Sa binne der ek wedstriden, pearkeriden op redens holden wêrby Hein en Siets de Vries de Boer in priis wûn hawwe moatten .
Ek gongen der wol bern in dei hinne te kampearje yn de fakânsje ,
in âld lekken mei en in stik bôle en in appel mei as iten.
En dan de hiele dei mei-elkoar sich fermeitsje by de puolle en dan jûns wer nij hûs

Van putwater naar leidingwater

bron: Johannes de Vries 

Tegenwoordig staat het drinkwateroppompstation van N.V. Vitens v/h N.V Waterleiding Friesland voor de regio
Noord friesland in Noordbergum. Rond 1850 waren er omtrent de drinkwatervoorziening veel misstanden.
Vooral in de stad Leeuwarden is een tekort aan drinkwater door de sterke bevolkingstoename
en bij droge zomers dragen de stads vijvers op om maar niet te spreken over de kwaliteit.
Alhoewel men toen wel over enkele pompen beschikten  raken hiervan langzamerhand ook meerdere ongeschikt voor drinkwater.
Dus besluit men meerdere stadsvijvers te graven welke dienst doen als drinkwatervoorziening,
ook word onderzoek gedaan naar een waterbekken rond Eernewoude.

Daar de kwaliteit van het drinkwater geleidelijk slechter werd
en de vijvers zomers opdroogden en er in 1888 een cholera epidemie uitbrak staken de gemeenten besturen
de koppen weer eens bijelkaar om tot een oplossing te komen.
Toch zal het tot  1913 duren als Gedeputeerde Staten het voortouw neemt tot een onderzoek
voor één gehele centrale drinkwater voorziening voor heel Friesland .

De twee al bestaande waterleiding bedrijven Leeuwarden en Sneek zijn tegen zo,n onderzoek,
toch word het onderzoek opgestart in 1916 en word het Ministerie van Binnenlandse Zaken
om een bijdrage in dit onderzoek ,
de reactie uit Den Haag is dat voor heel Friesland te kostbaar is en zegt voor de helft garant
te staan voor de kosten van het onderzoek.

Op verscheidende plaatsen in Friesland worden norton putten geslagen waarvan de buizen enkele meters boven de grond uitstaken .
Ook op Sumarreheide en wel drie stuks(zie kaartje).
De rode stippen geven de nortonputten aan op dit kaartje van 1916.

In 1919 word rapport uit gebracht met als uitgangspunt 1 ,2 of 3 waterwinplaatsen Sumarreheide,
Wolvega of Kippenburg(G.S) en word door G.S besloten tot  1 waterwinplaats .dit werd Sumarreheide .
In 1920 koopt de Provincié Friesland de omliggende percelen van de norton putten aan.

In deze jaren groeit de bevolking van Leeuwarden door en volgt ook nog een droge zomer in 1921
waar uit voortvloeit een overleg met de omliggende gemeenten over het drinkwater probleem ,
wat uiteindelijk de oprichting van de I.W.G.L ( Intercommunale Waterleiding Gebied Leeuwarden in 1922 door de gemeenten
Leeuwarden ,Franeker ,Franekeradeel ,Harlingen ,Idaarderadeel Leeuwarderadeel ,Menaldumadeel,Rauwerdahemen
Tietjerksteradeel tot gevolg heeft.Zij vinden in 1924
een plek die in hun ogen beter is dat het door de Provincie voorgestelde  Sumarreheide, en wel Burgumerheide
aan de Groninger straatweg nu Noordbergum ,
daar dit veel gunstiger ligt ten opzichte van het grootste voorzienings gebied Leeuwarden.

En start I.W.G.L met de bouw van een pompstation op Burgumerheide welke in 1925 in gebruik word genomen .
Nu rest de Provincie niets anders dan de aangekochte percelen op Sumarreheide weer te verkopen
omdat het grootste knijppunt de drinkwatervoorziening in een groeiend Leeuwarden nu wel gewaarborgd was.
De putten worden dicht gegooid behalve één welke midden in het weiland ligt .

Deze wordt nu nog gebruikt voor het meten van de grondwaterstand en is te gebruiken als brandkraan (zie foto,s).
Deze put wordt jaarlijks schoon gespoelt in opdracht van Vitens.

  

*

Oantinkens oan syn bernejierren fan Hindrik Stelwagen

Johannes de Vries

Hy hat yn stikmannich op Sumarreheide en omkriten wenne en wie yn dy jieren skoalkammeraat mei Tamme Jelles Hooijenga (de dichter) .
No kaam ik te witten dat soan Jan yn Snits wenne. Hy koe my sa noch moai it ien en oar fertelle oer syn heit.
Hendrik is berne 16 -1- 1906 en stoarn op 21-1- 1989.
Trouwde mei Aaltsje Slofstra op 13 -5-1931 en krigen 5 bern.
Tige bysûnder is wol dat hy ego dokuminten  neilitten hat. Dizze memoires befetsje foar in part in stik fan ús streek-skiednis dat ik jim net ûnthâlde wol.  

 Fan earder, oer juster, nei hjoed. 

Út myn bernejierren kin ik werom, tusken de 3-4 jier. Ik wit hie dúdlik, dat ik doe by ús heit op ’e ierdkarre siet,
en doe efkes de jaachline beethâlde mocht. Dat wie op é Simmerdyk fan Burgum.
Dat hat doe fansels gâns yndruk op my makke, want ‘t is my altyd bybleaun.
Fierders út myn bernejierren in pear foarfallen.
Wy wennen ûnder Garyp en gongen der nei skoalle, ‘t wie in aardich keppeltsje jonges en famkes.

Figuur 1 v.l.r. Marijke, Kees, Hendrik, Hendrikje, Bets, Moeder Riekje, Gelske, Jan, allen Stelwagen.

It heucht my dat ien fan ‘e gruttere famkes sa no en dan in buske by har hie.
In kollekte buske mei sinten. Dat moast ergens brocht wurde.
Ûnderweis, op in geskikt skûlplakje, besochten wy troch ‘t gleufke sinten der út te krijen, en dat slagge sa no en dan.
Der waard dan snobbersguod foar kocht by Sybren en Pim.
Wy wennen troch Feanhúzen tsjin Sumarreheide oan, op in spultsje
Ielke Boonstra loane 46 dat letter bewenne waard troch Remmelt de Haan achter no  Romke Hooijenga stie en is ôfbrutsen mei de ruilferkaveling

Achterôf blykte my, dat ‘t der net sa best buorke en ‘t gie mis.
Op in jûn, in ‘e hjerst, wie der folk oan ‘e doar. Der waard net iepen dien .
Rammelje en roppe, mar heit die net iepen, mem stie der al op oan, mar heit wegere.
It doarre net sa lang of der waard tsjin ‘e doar oan trape en stompt mei it ien of oare ding. De doar sprong iepen en der stienen in pear manlju.
Letter wist ik wa dat wie. Dat wie deurwaarder Hoogeveen fan Burgum Wat dat doe betsjutte wist ik net, wol dat wy as bern bang wienen.
It wie fansels it begjin fan ‘t ein op dat spultsje.

Wat der allegearre mei middenmank wie, wit je op sa ‘n leeftyd net, letter kom je dat oan ‘e weet. It hat myn libben beynfloede oan ’t hjoed de dei ta!
De yndruk dy ‘t ik der fan krige is deselde as oan ‘t hjoed de dei ta, de lytse man wurd meast de dupe.
Dat wie hjir ek sa . Der wienen dingen dy ‘t net doogden oan ‘e kant fan de ferhierder.
Mar pleitsje joech Heit en Mem gjin útkomst. Hja ferlearen it pleit ! .
Famylje wurdt dan meastal mei de dupe en sa wie dat by ús ek ! .
Yn 1914 bruts de 1e wrâldkriich út. Wy gienen doe ek noch nei Garyp nei skoalle alhoewol wy ûnder Sumar wennen oan de Boskwei 14 (achter by Paulus en Marijke Zandstra de reed yn ) wer wy  mar een jier wennen . Doe ferfarren wy nei Boskwei 3 yn de folksmûle ek wol tramhús neamt oan de dyks kant ( skean tsjin oer wer no Wierd de Vries wennet).

Der hawwe wie krapoan tsien jier wenne.

Mar de skoalle yn Sumar wie in Herfoarme en dat koe net foar ús tink. Dat wy bleuane yn Garyp op skoalle .
Sa at ,t my foarstiet, ik wie 8 jier. Ik wie op in freedtemiddei en wy rekken earder út skoalle .
Mei hasten setten wy op hús oan en doe ’t ik thús kaam skriemde ik en sei oars neat tsjin ús mem oan hâldende wei ,
it is oarloch, it is oarloch, hoewol je op san leeftyd net witte wat soks ynhâld fansels.

Ús Mem rekke tink ek wat yn oerstjoer en sei dat ik my stilhâlde moast.Skynber die ik dat net en krige in fikse  draai om ‘e earen.
Út die tiid wit ik ek noch dat op ‘e heide- by de Harste de Wetterlieding dwaande wie mei Norton pompen te slaan .
Ek dat der 8 kear soldaterij west hat en wy der net wei te slaan wienen.
Yn 1918 moasten de boeren greide omskuorre boulân der fan meitsje. Ik kaam April 1918 fan ‘e skoalle, 12 jier âld 6 klassen troch rûn .
Doe moast ik fansels oan it wurk, op ‘t lân natuerlik. Dat wie doe gjin punt.

It begûn by 12 jier. Ik wie April fan skoalle kaam. Doe moast ik nei ‘t lân, ‘t wie yn 1918.
Der wie troch de oarloch gâns greide ta boulân makke . Ik rekke oan ’t wjudden fan grutte beane.
In grut stik lân,  foar in part mei yn ‘e bou mei grutte beane.
Mei in man of tsien op ‘e rige krûpten wy troch ‘t lân. It wie tagelyk in striid sa wol foar de iene as de oare,
om by te bliuwen. Ik mei noch altyd oer dy maaitiid en simmer op ‘t lân graach fertelle.

Ik fûn ‘t lânwurk moai,  bynammen ‘t skjinhâlden fan de fruchten.
Mar foar dat ik fan skoalle ôf wie moast ik al meihelpe.
Dat wie doe yn ‘e measte arbeidershúshâldings ‘t gefal. Ik wit noch dat wy moarns foar skoaltiid earst nei ‘t fabryk moasten om sûpe dreagemolke.
Dat wie alle moarnen in optocht fan lyts en grut, oan eltse earm hinge in ammerke.

De”grutten” hingen grutte ferhalen op der troch de “lytsen” “ graach nei harke waard.
Út ‘e skoalletiid wit ik noch fan master Lub.
De bern wachten him meastentiids al op want master Lub koe sa prachtich fertelle.
Yn ‘e Burgumer krante stie om July 1918 hinne in advertinsje fan ,,loopjongen gevraagd ’’.
Dat like my wakker moai ta mar heit en Mem oarnearen der koe neat fan komme, want dy krantefaklju moasten altiten yn ‘e pronk.

drukkerij “de Motor” wer Hendrik begong te wurkjen (mei de winkeldoar disse kant út) 

Ik hâlde lykwols oan en heit joech de trochslach. Mar Ik moast him der sels mei rêde.
Op in sneontemiddei sette hy ôf. Tige kreas ferklaaid, in wite trui oan.
Mei lead yn ‘e skuon stie ik foar ‘t grutte winkelrút. In ûnbidige grutte doar … der moast ik troch.
Yn ‘e winkel, in grutte man, by ‘t trapke op nei in kantoar. Hjir begûn ‘t eksamen.
De namme, hoe âld, wêr ‘t ik wenne, hoe ’t Heit en Mem hjitten en gean mar troch….
Ik moast myn namme mar es op papier sette en wer ‘t ik berne wie.
Dat pakte núver út. Ik skreau net Bergum mar Bergem.

Soa bisto yn Noard Hollân berne?Nee sei ik, hjir yn Burgum no dan moast dat der ek delsette.
De léste fraach wie, kinst moarns wol fan ‘t bêd ôf komme. Jawol,sei Ik.
Ja sei de baas, mar dy’t no fuort gien is koe dat net, altiten te let moarns en der kin ik net oer.
Dat hat ik myn libben lang ûnthâlden .
Sels altiten op ‘e tiid koe der letter min hawwe dat der minsken te let kamen.
It lêste, mar faaks wol ‘t belangrykste kaam doe….. , ‘t fertsjinjen.
Dat wie 15 stoeren wyks, mar om’t ik fan bûten kaam moast dat mar in gûne wurde.

En as ik fytse koe en in fyts hie mar dy hie ik net. No dan like ‘t de baas ‘t beste ta, mar mei de tram. Dy gûne soe er ek betelje.
Ik nei hûs. Ik wie tige nijsgjirrich hoe dit thús út pakke soe.
Mar foar dat ik thús wie die der him in raar gefal foar.
Ik sette knap oan om thús , dwers troch de lannen op hûs ta.
Yn ‘t lân rûnnen kei, Ik wie mar amper yn ‘t lân, as de kei fleagen op my ta en dienen ‘t mâl.
Ik wist net hoe ‘t ik it hie. Ik rekke der goed troch. Thús seine hja, dat kaam fan de wite trui.
Doe ik oan ‘t fertellen rekke en op ‘t lêst by ‘t fertsjinjen belâne, flapte Mem der deadeliks út , der kin neat fan komme. Wat wie in gûne wyks? Op ‘t lân koe ik krap oan 6 gûne wyks fertsjinne. Nee der neat fan komme neffens Mem. Heit lykwols sei , wy moatte ús mar es beriede hoe ‘t  it moat.
Ik hâlde oan, dat er al graach woe. De útslach wie foar Ik geunstich, mei help fan Heit,
slagge Ik as ,,loopjongen nei Burgum fan moarns 7 oan t jûns 7 mei in oere skoft .
De grutte trep stie klear. En de baas joech oarder wat der gebeure moast. ôfstofje yn ‘e winkel mei in plumo.

It wie earst wol allegear tige frjemd foar my.foarsichtich, der oppasse, no ‘t moast wol wenne.
Ik hat ‘t dêr 12 jier út hâlden .Yn die jierjen docht him hiel wat foar fansels.
It alderraarste, wat ik noch tige skoan wit is ’t tillegram dat de Dútske keizer yn ús lân kaam wie.
Alle middagen moast Ik nei ‘t postkantoar om in tillegram te heljen dat wie ‘t waarberjocht fan  “van Dras”.
Earder as oars moast ik no nei ‘t postkantoar en de baas stie my al op te wachtsjen en pakte ‘t tillegram oan.
Der stienen by ‘t oanplakboerd ek al minsken. En doe’t de baas it tillegram op ‘t board oanplakte kamen der gau mear en der waard drok praat.
Ik hie gjin weet fan ho ‘t as dit allegear yn elkoar siet mar hie tocht al, t is wat oars as oars.
Oan in bulte dingen hie Ik tige niget..

Ik wie tige nijsgjirrich . Dat is er bleaun oan no ta. Ik koe mar min fan ‘t spul ôfbliuwe en dat joech wol gauris tûkelteamen.
Sa kaam der in skriuwmasine op kantoar. Foar my al san wûnder ding.Ik kin my de reizger noch skoan foar stelle,
In drokke man mei ôfgryslik read hier.
De masine stie op in apart tafeltsje en de baas sei, do moast der net oankomme. It is in djoer ding.
Fansels, ik knikte ja, mar sadree der in geskikte gelegenheid wie, slûpte ik nei de masine en drukte op in ding.
Ja en der rûn de wein fan de masine. ‘’Ting’’, sei in beltsje en ik waard kjel fan je heisa en fuort fansels.
Nei iten de jûns healwei seizen kaam de baas wer op kantoar.
Hy sei do hiest al efkes oan de masine sitten. Fansels hja hienen yn ‘e keamer dat beltsje ek wol heard. Ik hoegde dus net te sizzen fan nee.
De baas sei fierders neat en dat wie foar Ik in pak fan syn hert.
De tillefoan wie foar my fansels ek wat nijs.

Noch net earder san ding sjoen, lit stean brûkt. As der no in boadskip hjir of der hinne moat, dan wurd der efkes skille, nei dokter en sa.
Yn myn tiid moast men der hinne.Hoewol tige nijsgjirrich hoe ‘t san ding wurke, wie ik der wat bang foar.
As der ien skille en der wie gjin baas of sa yn ‘t kantoar dan moast ik … en dan seach ik dêr tsjin oan.
Doch kaam dat der in kear fan. De tillefoan rattele en gjin baas of sa, dus ik moast fan wegen komme.
Der kaam oan myn hallo roppen gjin ein. Lang om let hy ik it begrepen ‘t gie oer in advertinsje..
Folle fierder  as ,,aanbesteding ‘’’ kaam er lykwols net . aldergelokst kaam der ien fan ‘e oare feinten oan dy’t oernimme koe.
Ik bin lang pleage mei ,,aanbesteding ‘’.Op in goede dei kaam de baas mei in útstel dat my as lei wetter yn earen rûn.

Ik reizge noch altiten mei de tram. De baas betelle de wyk kaart.De baas stelde no út, as jimme Heit ‘t ris nei de fytsmakker gie
en in fyts foar dy kocht en dan ôfbetelje mei ‘t jild wat  de baas oars kwyt wie foar de wykkaart.
Ik doch der dan noch wat by sei de baas en dan hasto in fyts.
In fyts , tocht ik, mar dat kin net. En ek noch wol in nije fyts.Ik kaam mei ‘t útstel fan ‘e baas optein thús.
Dat like Heit wol goed ta en mei in pear dagen hie ik in gloednije fyts.In Frânske fyts,
sei Dykstra, der ‘t hy net foar ynstean koe mar hy hie gjin oare.

It wie net salang nei de earste oarloch en ‘t spul wie allegear noch wakker krap.
Lykwols de nije Frânske fyts foar 85 gûne mei in lantearne foel best út en ik ha jierren en jierren mei dizze fyts nei ‘t wurk en wer ek mar hinne reizge.
It spinde fansels raar jen op ‘e buert.Wêr like dat op, san snotaap fan in jonge op in nije fyts.Wolja toe mar, ‘t kin net op by dy lju.
Ik stie wakker noed foar de nije fyts.
Der wie by de saak in fytsehok, der stie de fyts yn en yn ‘t earstoan kipe ik sa no en dan om ‘e hoeke oft de fyts der noch wol stie.
No sit op eltse fyts in slot. Doe net. Mar men hearde doe lykwols ek net fan fytsedieven.
De paden en wegen wienen fansels net wat hja no binne.
Ik moast alle dagen in reed lâns en der wie mar in smel paadsje om op te fytsen.
Neist it paad in djippe groppe. It wie oppasse en kom der net yn.
In kear mei reinich waar woe ik tige oppasse dat de fyts net al te wiet en smoarch waard en ûntwykte safolle as ik koe de minne plakken.
Dat betearde raar. Ik rekke yn ‘e groppe en oer de kop. In ferbûgde kettingkast en in skeef stjoer wie it gefolch.

Herinneringen aan de Spaanse griep door Hendrik Stelwagen

Wy koene net sa best mei de âldman’’Ik wie 13 jier zegt Hendrik Stelwagen En noch net sa lang as ,,loopjongen” by Drukkerij de Motor yn Burgum.
Fan moarns 7 oant jouns 7 oere mei de tram fan Semarreheide nei Burgum
Daedeliks by de trap op, dy mei yn plumeau ôfstofje ensfh.Dat wie yn augustus 1918
It earste my bybleaune feit wie yn tillegram fan van d??? die ,t ik helje moast fan it postkantoar
De baes W.A van der Meulen yn soan fanTjibbe Gearts van der Meulen stie my al op to waechtsjen. Hy makke it tillegram iepen en it waerd oanplakt op it ,, aanplakbord van de Bergumer Courant “Rille gou stiene der hiel hwat minsken faor ,t buorden der waerd drok petearre

Yn dat tillegram stie dat,, de duitse kening gevlucht was”Ik wit noch bêst dat dit my neat sei, mar ik foun it wol frjemd dat der safolle minsken om hinne stiene en drok petearren
De griep folge ûs yn é hjerst en winter fan 1918/19, de Spaanse griep”Drukkerij de Motor to burgum wie foar  hiel Tietjerksteradeel en ek noch wol der bûten,
de printerij foar femylje printwurk.Om maaie hinne yn protte troukaerten om nijjier hinne allegearre nammekaertsjes , en fansels bertekaertsjes en roubrieven.No yn de Spaanse griep periode wie it slim  mei de ruobrieven  steapels en steapels leine  yn it kantoar oer de flier, allegearre apart mei de adreslisten der by oan ien wei sieten der minsken to skriuwen en ik mar postzegels  plakke.
It moast allegearre tige sekuer barre der wienen altiid twa soarten  mei en sunder ûtnoeging.
Mei yn krûske op é list wiene adressen foar yn ûtnoeging ta de begraffenis.Ik kin earst wol efkes sizze dat ik sels de griep net hawn haw,allegearre thûs behalve ik .Wy hawwe yn dy tiiden ek letter fan dokter Hornstra hiel hwat ,,medysinen hawn.
Ik wit noch bést dat it foarkaem dat de bode fan de bigraffenisforieniging kaem en frege binne brieven al klear fan dy en dy hwant
de man of frou of yn bern is ek al forstoarn .Ja dy bode dat wienen mannen ,tige yn ,t swart,
mei soms yn hege hoed opSwarte breiden moffen oan en dan walmen dy hannen …………
Út mear as ien bûse kaem dan yn stik pompier mei de tekst fan é roubrief en de adressen.

Hiel faek moast der oan feroare wurde of noch wat by.
It kaem ek foar dat de tekst noch opmakke wqurde moast.Dat wie net altiid maklik.Jo wisten net hwat de minsken der op hawwe woene.
Sa wit ik noch fan twa jonge lju dy,t troukaerten bistelden en de tekst net op pompier hiene.
Dan moast de man dy ,t harren holp dat san bytsje der úthelje  moat der ek D.V. tusken…….Ja set dat der mar by….. mar wat bitsjut dat……
O , mar wy binne net fyn …….Mar hwat my tiige bybleaun is, dat fan twa mannen dy,t ruobrieven bistelden fan harren
forstoarne heit.Hja hiene gjin tekst op pompier dus moast de man dy,t harren holp soks dwaen .
No dan waerd de meast gongbaere tekst nommen  en sa skreau de man op :

Heden overleed onze lieve vader……Yn foarse stim sei , dat moat der net op, wy koene net sa bêst mei de âldman……
Lettter koe ik soks  wol, mar do net bigripe. sjoch ik ús heit en noch yn man ,
ik wit net mear hwa, der ynkommen en dat Heit sei , ja Hendrik , Froukje muoi is forstoarn do wier ik der efkes ôf en skriemde …………
Ek op Sumarreheide hat de Spaanske griep hús holden” únder oare Wierd de Boer  (pake  fân Wierd ,Hille,Detje en Tietje de Boer ), trije bern fân Linze en Janke Hoekstra to witten yn twaeling fân 5 maand Jan en Jilt en yn famke fân twa jier neamd Bintje en twa jonges by Berend en Aaltje Elverdink  Polle 20 jier en Ruurd 15 jier hawwe de gefolgen fân de spaanske griep net oerlibbe.